WOLF
Bin net geskikt foar deistich gebrûk
lit de leafde foarbygean; ken lusten
en foaral de lesten dy't dizze
tehavene lea meitôget, dei oan dei
en de frou dy't my heucht
wiesto net, mar dy op dy heuvel
tichtby de Swarte See, ik wit
dyn laitsjen en de wyn -
hoe't alles oan my foarbygiet
ek do, kear my nei
fiere lannen en werom
floeit wetter oer strannen.
© Bart
FM Droog, 2000
© translation
Tsead Bruinja, 2001
original title: Wolf, from Benzine, Passage
Publishing Company, Groningen, 2000